Stek om fersmoarge stoart by Warten

Der komt in stek te stean om it eardere Ljouwerter stoart de Ald Dwinger by Warten om foar te kommen dat der noch minsken op komme. It wie al bekend dat der in soad en earnstige fersmoarging yn de grûn sit. Nij ûndersyk hat dat no ek befêstige. It guod bliuwt wol út him sels te plak op it 27 bunder grutte eilân en wurdt ek net opromme. Wol wurde de kaden better beskerme. In opfeart yn it gebiet wurdt dimpt.
Minsken rinne net direkt gefaar, mar it is gjin goed idee om guod dat op it eilân groeit te iten.
De provinsje en it Fryske Gea hâlde yn 'e gaten hoe't it giet mei de fersmoarging. Der wurdt yn totaal 3,5 miljoen euro foar útlutsen.