Oerlis tusken doarpen Súdwest-Fryslân oer foarsjenningen

16 des 2014 - 20:18

Doarpen yn Súdwest-Fryslân moatte tenei mei elkoar oerlizze oer hokker foarsjenningen se it graach ha wolle. De gemeente wurdt derfoar ferdield yn tsien klusters. Yn dy klusters sitte meardere doarpen, dy't dan mei de gemeente en tal fan lokale ynstânsjes in klusteraginda opstelle. Yn dy aginda wurde de winsken dy't der binne opskreaun en wurdt besjoen hoe't dy realisearre wurde kinne.

Neffens wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân is it no al faak sa dat de doarpen in soad gebrûk meitsje fan mekoars foarsjenningen.

Troch de doarpen no yn klusters ûnder te bringen moat in better byld komme fan wat der noch nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)