Giele stientsjes Prins Hendrikkade Snits ferdwine

De wetterpoarte yn Snits © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De giele stientsjes op de Prins Hendrikkade yn Snits wurde fuorthelle. De stientsjes binne in jier as fiif lyn oanbrocht om de kade in bûlevaareftige útstrieling te jaan. Der wurdt lykwols al lange tiid klage oer de stientsjes om't se al gau stikken rekken. Boppedat sit der tusken de stientsjes in soad smoargens en ûnkrûd.
Yn jannewaris wurdt de krusing op de Oosterpoortsbrêge oanpakt en dan sille ek de stientsjes fuorthelle wurde. Der komt dan gers te lizzen.