Samen voor de Voedselbank: al 40.000 euro oan guod ophelle

16 des 2014 - 18:30

Mei de aksje 'Samen voor de Voedselbank' fan Omrop Fryslân is al 40.000 euro oan itensguod ophelle foar de Fryske itensbanken. Dat is tiisdeitejûn bekend makke. Al mei al binne mear as 20 tûzen produkten binnenkaam.

Tiisdei waard de opbringst yn ien kear ferdûbele doe't in frachtwein de opbringst brocht fan supermerken, dy't ien dei meidiene oan de aksje. Elkenien kin produkten foar de Voedselbank bringe by de Omrop. Dat wurdt hieltyd mear dien en ek bedriuwen helpe mei. By 120 Fryske supermerken kinne minsken ek produkten ynleverje.

De aksje fan 12 regionale omroppen rint noch oant en mei freed 19 desimber. Dan is de slotdei. Alle ynformaasje oer de aksje is te finen op www.omropfryslan.nl/voedselbank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)