Prins Carlos jout startskot nij enerzjyprojekt op It Amelân

It Amelân © ANP XTRA
Prins Carlos de Bourbon de Parma jout freed op It Amelân it startskot foar 'Slimme stroom Ameland'. By dit projekt wurde 45 brânstofsellen by gemeentelokaasjes, ûndernimmers en bewenners op it eilân pleatst, oan elkoar keppele en op ôfstân oanstjoerd. Sa wurdt lokaal elektrisiteit en waarmte produsearre. De wize werop't dat bard is unyk yn Europa.