Definsje: "Lûdsoerlêst JSF bliuwt yn 2019 binnen de noarmen"

De earste JSF's wurde yn 2019 op fleanbasis Ljouwert stasjonearre en dat betsjut mear lûdsoerlêst, om't de JSF mear leven makket as de F16. Definsje seit dat alles lykwols binnen de noarmen bliuwe sil. Der hoege dêrom gjin huzen ôfbrutsen te wurden.
Op de basis sille skermen set wurde om de lûdsoerlêst foar omwenners te beheinen. De komst fan de JSF sil gjin gefolgen ha foar it oantal meiwurkers op de basis. Wat it nachtfleanen oanbelanget komt it aksint op Ljouwert te lizzen, want Volkel is minder geskikt fanwege it lûd.
Basiskommandant Gerben Verhaaf ferwachtet net dat it drokker wurde sil op Ljouwert, omdat der ek yn it bûtenlân oefene wurde kin.
Geert Verf fan de Oerliskommisje lûdshinder is te sprekken oer dit nijs, want no hoege der gjin huzen sloopt te wurden. Hy fynt it wol in probleem dat der wat it nachtfleanen oanbelanget minder gebrûk makke wurde kin fan Volkel. Verf ferwachtet dêrtroch mear drokte op Ljouwert. Verhaaf bestriidt dit, omdat der ek yn it bûtenlân oefene wurde kin.
De kommisje is der lykwols net gerêst op en dêrom wurdt der hurd wurke oan ynstruminten om it werklike lûd aanst te mjitten. Mocht de JSF dan tefolle lûd produsearje, dan moat it oantal flechten beheind wurde.