Omrop TIP: De ÚTFLECHT – Florence Nightingale 6.2

De Útflecht is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy't ûnderdûkt omdat er it lân út moat. Trije klassegenoaten betinke in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân. De Útflecht is op sneon te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op alle wurkdagen is de útstjoering earst al yn parten te sjen op www.omropfryslan.nl en ús apps. Hjoed diel 2 fan ôflevering 6.
No't Lionel ek yn de bus is, wurdt dúdlik dat de plysje him dochs fûn hat. Om't er net meiwurke hat oan syn útsetting, is de kâns om yn Nederlân te bliuwen fuort. Johan draait troch en wurdt dûm.