Reade tried: Ofstekken fan fjoerwurk oerlitte oan gemeenten

Reade tried © ANP
Dat is de stelling hjoed yn de Reade Tried. It lûd klinkt hieltyd faker. Lit gemeenten in goeie fjoerwurkshow organisearje en behein sa it ôfstekken fan fjoerwurk troch partikulieren. Dat lêste smyt folle mear risiko op en boppedat is konsumintefjoerwurk lang sa moai net as profesjoneel fjoerwurk. Yn Beetstersweach hawwe se al in oantal jierren ûnderfining mei it ôfstekken fan kollektyf fjoerwurk en op De Gordyk is der ek belangstelling foar. De partij Opsterlanners hat der fan 'e wike in petysje oer oanbean. Dy wol dat de gemeente kolletyf fjoerwurk mear stimulearret.
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.