Húsdokter Burdaard offisjeel teplak set

16 des 2014 - 16:14

De húsdokter fan Burdaard is offisjeel teplak set troch it Regionaal Tuchtkolleezje foar de sûnenssoarch. Troch "nalatigheid" fan de dokter hat in pasjinte earder dit jier harsels fan it libben berôve.

De frou wie slim depressyf, mar by har behanneling is de dokter slim tekoart sketten, sa oardielt it Tuchtkolleezje. Al wie it hanneljen fan de dokter "laakbaar", it is net te sizzen oft it ferrin fan de depressiviteit fan de frou oars ferrûn kinnen hie, sa stelt it Tuchtkolleezje.

De neibesteanden fan de Burdaarder frou tinke noch nei oer in heger berop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)