FNP wol needferoardering tsjin ferfanging wynmûnen

16 des 2014 - 15:58

De FNP wol mei in needferoardering foarkomme dat besteande wynmûnen ferfongen wurde út sucht nei winst. De partij freget deputearre Konst om dêrfoar in tariedingsbeslút te meitsjen foar Provinsjale Steaten.

In soad wynmûnen wurde fergongen omdat der no noch subsydzje foar krigen wurdt, mar de mûnen dogge it fierder noch prima. Dat is neffens de FNP fergrieming fan mienskipsjild. Yn Fryslân, Noard-Hollân en Flevolân steane de measte mûnen dy't mooglik ferfongen wurde. Ek yn Flevolân is in needferoardering dêrfoar oannaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)