Tsien jier natoerbehear Skylge ûnder de loep naam

16 des 2014 - 15:39

Guon boskfûgels op Skylge dogge it stikken better as tsien jier lyn en dat jildt ek foar in tal hiele seldsume planten yn it dúngebiet. Yn datselde dúngebiet hat it weidzjen der foar soarge dat der minder rûchte is. Dêrtroch is it oantal heidehippers, beamkrûpers en grutte eksterspjochten bygelyks tanaam.

Mar net alle doelen dy't Steatsboskbehear en Rykswettersteat tsien jier lyn opsteld hawwe, binne fan 'e grûn kaam. Sa soe it tafersjoch útwreide wurde, mar is dat just troch allerhanne oarsaken mei in kwart ôfnaam.

De befinings komme noch yn in rapport dêr't it behear fan it eilân oer de lêste tsien jier tsjin it ljocht hâlden wurdt. Dêr binne ek wichtige eilanner belange-organisaasjes by belutsen. Dy binne foaral goed te sprekken oer it boskbehear wêrby't der mear romte is foar dea hout. Al mei al ferwachtet Freek Zwart fan Steatsboskbehear dat syn organisaasje en Rykswettersteat in romme foldwaande skoare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)