Aris heger yn kompetysje troch fallisemint Den Helder

16 des 2014 - 13:08

Basketbalklup Aris út Ljouwert skoot ien plakje op yn de kompetysje no't Den Helder offisjeel út de ranglist ferwidere wurdt. It ynterim-bestjoer fan de Federatie Eredivisie Basketballclubs (FEB) hat de resultaten fan Den Helder per direkt skrast. De basketbalklup is fallyt. It stie op it tredde plak, mar rekket no alle punten kwyt.

Dat betsjut ek dat de ferliespunten dy't Aris oprûn hie tsjin Den Helder skrast wurde. Bysûnder is wol dat Den Helder fan de federaasje de kâns krijt om yn it nije jier mei in skjin laai te begjinnen.

Se starte dan wer mei 0 punten. Wol binne in tal spilers al ferkocht: sa hat Aris Quincy Treffers en Nigel van Oostrum oernaam fan Den Helder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)