Tentoanstelling Keunst Kids yn Fries Museum iepene

16 des 2014 - 12:30

Deputearre Tineke Schokker hat tiisdeitemoarn yn it Fries Museum yn Ljouwert de tentoanstelling Keunst Kids iepene. Fjouwer Fryske keunstners hawwe mei 1000 bern fan 40 Fryske basisskoallen in projekt dien, dêr't keunst en duorsumens kombinearre wurde.

De moaiste stikken binne noch oant snein 4 jannewaris 2015 te sjen yn de hal fan it Fries Museum. Neffens keunstneresse Claudy Jongstra sil it projekt Keunst Kids ek de kommende jierren trochset wurde. Se wol dat dit projekt folle grutter wurdt yn 2018 mei Ljouwert Kulturele Haadstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)