Bewenners NE-Fryslân kinne meiprate oer takomst De Sionsberg

16 des 2014 - 11:59

Bewenners fan Noardeast-Fryslân kinne meiprate oer de takomst fan De Sionsberg. Pasjinte-organisaasje Soarchbelang Fryslân set útein mei in primeur yn Nederlân. Eltsenien dy't him belutsen fielt by De Sionsberg en meiprate wol, kin him melde by Soarchbelang.

Der wurdt tocht oan organisaasjes lykas doarpsbelangen, mar ek partikulieren wurde útnoege. Op 17 jannewaris wurdt de earste gearkomste holden mei fertsjintwurdigers fan de groepen dy har oanmelde. Soarchbelang wol dat net allinnich bestjoerders, mar ek bewenners meiprate kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)