83-jierrige fytser út Drachten oanriden

16 des 2014 - 11:16

In man fan 83 jier út Drachten is moandei slim ferwûne rekke by in ûngelok mei de fyts. Hy stuts de Martin Luther Kingsingel oer en waard doe oanriden troch in taksybuske, bestjoerd troch in man fan 55 jier út Drachten. De ferwûne man is oerbrocht nei it universitêr sikehûs fan Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)