Sikehûzen diele wer fjoerwurkbrillen út

Ek dit jier biede sikehûzen wer fjoerwurkbrillen oan. Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean set tiisdei útein mei de aksje en dielt de brillen fergees út. Dy moatte foarkomme dat minsken eachletsel oprinne troch fjoerwurk. It giet dan net allinnich om minksen dy't fjoerwurk ôfstekke. Yn de helte fan de gefallen reitsje omstanners ferwûne as it misgiet.
De measte ûngelokken mei fjoerwurk ha eachletsel ta gefolch. Njonken sikehûzen ferkeapje ek fjoerwurkhannelers hieltyd mear beskermbrillen.