Doutzen Kroes is Glamour Woman of the Year 2014

Doutzen Kroes is moandei yn Amsterdam útroppen ta Glamour Woman of the Year 2014. It is de earste kear dat de priis yn Nederlân útrikt wurdt. It moadetiidskrift sjocht Doutzen as in foarbyld foar de moderne frou. In frou mei alluere, krêft en styl, mar foaral as ien dy't hert hat foar in oar.
Net allinnich Doutzen stie yn de belangstelling, ek har suster Rens Kroes krige in nominaasje. Sy wûn yn de kategory Healthy Food en krige de priis fan in emosjonele Doutzen oerlange.