Spilersbus SC Hearrenfean leechrôve yn Rotterdam

15 des 2014 - 22:59

De spilersbus fan Sportklup Hearrenfean is moandeitejûn leechstellen. De belofteploech fan Hearrenfean spile yn Rotterdam en ûnder de wedstriid tsjin Jong Feyenoord/Excelsior hawwe de dieven ynbrutsen.

Nei de wedstriid seach de bussjauffeur dat de luchtdruk fan de doar ôf wie en dat alles leech wie. De dieven hawwe ûnder oare autokaaien en tagongspaskes fan it stadion meinaam. De plysje op It Hearrenfean is ynskeakele om it stadion te befeiligjen en om te sjen oft de auto's fan ûnder oare de spilers der noch wol stean.

Hearrenfean wûn de wedstriid mei 2-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)