OpsterLanders wol fjoerwurkshows yn gemeente

15 des 2014 - 21:05

Der moatte mear grutte fjoerwurkshows organisearre wurde yn Opsterlân. No wurdt dat allinnich dien yn Beetstersweach en De Gordyk. De fraksje fan OpsterLanders pleitet der no foar om dat ek yn oare doarpen mooglik te meitsjen. Moandeitejûn hat de partij de nije boargemaster Ellen van Selm dêroer in petysje oanbean.

OpsterLanders is net tsjin it ôfstekken fan fjoerwurk, al trunet de partij wol oan op it strang hânhavenjen fan de tiden dat it fjoerwurk ôfstutsen wurde mei. Dat mei pas op âldjiersdei fan seis oere jûns ôf.

Trefwurden: 
fjoerwurk Opsterlanders
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)