Soad lienings foar sinnepanielen yn Smellingerlân

15 des 2014 - 14:35

De duorsumensliening fan de gemeente Smellingerlân wurdt troch ynwenners benammen brûkt foar sinnepanielen. Dat makke de gemeente moandei bekend. Mear as de helte fan de subsydzjepot giet nei oanfragers fan sinnepanielen. Wenningeigeners kinne maksimaal 7500 euro liene fan de gemeente om harren hûs duorsumer te meitsjen. Dat jild kin tsjin in lege rente werombetelle wurde.

Oant no hawwe sa'n fyftich minsken in liening krigen. Njonken sinnepanielen wurde der ek in soad oanfragen dien foar it isolearjen fan wenningen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)