Cambuur sûnder Ogbeche yn bekerwedstriid tsjin Heracles

15 des 2014 - 13:38

Cambuur spilet de bekerwedstriid tsjin Heracles Almelo tiisdei sûnder Bartholomew Ogbeche. De spits hat noch te folle lêst fan syn holle, nei in botsing sneon mei Go Ahead Eagles ferdigener Jop van der Linden. Martijn Barto nimt syn plak yn de spits yn.

Sander van der Streek krijt in basisplak op it middenfjild. Furdjell Narsingh is in twifelgefal. Cambuur hat yn de kompetysje in komfortabele posysje en dat betsjut dat der no ek fol ynset wurdt op it bekertoernoai. Trainer Henk de Jong fynt de bekerwedstriid "hiel belangryk".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)