Man (24) foar de 6e kear pakt foar riden sûnder rydbewiis

15 des 2014 - 11:55

In 24 jierrige man út Ljouwert is sneintemiddei foar de sechsde kear betrape op autoriden sûnder in jildich rydbewiis. De plysje werkende de man fan eardere oertrêdings en sette him op de Vlietsterbrêge yn Ljouwert oan de kant.

By kontrôle die bliken dat de Ljouwerter ek GHB by him hie. Der is in bloedproef ôfnaam om te kontrolearjen oft de fertochte ek ûnder ynfloed wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)