Ynwenners It Hearrenfean tinke mei oer kantoar fan Accolade

15 des 2014 - 11:43

Ynwenners fan It Hearrenfean hawwe meiwurke oan it plan foar it duorsum meitsjen fan it kantoar fan wenningboukorporaasje Accolade. Nei in oprop yn de lokale krante joegen 14 minksen har op by boubedriuw Van Wijnen om mei te tinken oer de fernijings oan it gebou.

Fan de 14 binne 7 minsken oerbleaun dy't it plan mei opsteld hawwe. Sy hawwe ûnder oare betocht om de plannen net op papier, mar mei in webside te presintearjen oan Accolade. De bedoeling is om it kantoar enerzjyneutraal te meitsjen. Ek wurdt sjoen nei it hergebrûk fan materiaal.

It wie de earste kear dat Van Wijnen en Accolade op dizze wize gearwurke hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)