Manlju út Ljouwert en Hurdegaryp fêst yn grutte drugssaak

15 des 2014 - 11:27

De plysje hat trije manlju út Ljouwert (25, 29 en 59) en in man út Hurdegaryp (62) oanholden. De manlju wurde fertocht fan drugshannel, dielname oan in kriminele organisaasje en it wytwaskjen fan jild. Ek fertinkt de plysje se fan it ronseljen fan in 22-jierrige man út Tytsjerksteradiel. Dizze man waard yn Kolombia pakt foar it smokkeljen fan kokaïne.

Op basis fan syn ferklearring kaam de plysje de fertochten op it spoar. By de oanhâldings fûn de plysje drugs en jild yn de wennings. De fertochten binne foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

De oanhâldings fûnen plak yn novimber en desimber. De fjouwer manlju sitte noch fêst. De plysje slút mear oanhâldings yn dizze saak net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)