Sels troulokaasje kieze yn Dantumadiel

© Omrop Fryslân
Dantumadiel jout minsken fan 1 jannewaris ôf de mooglikheid om oeral yn de gemeente te trouwen. No kin dat allinnich yn it gemeentehûs, mar de gemeente hat de ôfrûne jierren meardere fersiken krigen om ek oare lokaasjes iepen te stellen foar in trouwerij.
En dus mei eltsenien fan it nije jier ôf yn Dantumadiel sels bepale wêr't se trouwe sille. De lokaasje moat lykwols wol foldwaan oan easken op it mêd fan feilichheid, iepenbierheid en oanspraaklikheid. De gemeente sil hjirop kontrolearje.