Kuorballers fan SCO ferlieze yn Amsterdam fan AW/DTV

SCO
De kuorballers fan SCO ferlearen snein mei 29-23 fan AW/DTV. Yn Amsterdam koe SCO de earste helte knap yn it spoar fan AW/DTV bliuwe. By rêst stie der in 12-10 efterstân foar de kuorballers út Aldeholtpea op it boerd.
Yn de twadde helte moast de ploech fan trainer Aegle Frieswijk by 19-16 de oansluting gean litte. De thúsploech rûn ienfâldich út nei 24-16. Dêrmei wie de kriich by de Aldeholtpeasters fuort en koenen de Amsterdammers de wedstriid op harren gemak útspylje.