Earste Ottema-Kingma-penning nei Johan ter Molen

Professor doktor Johan ter Molen hat snein fan de Ottema-Kingma Stichting de allerearste Ottema Kingma-penning oerlange krigen. Ter Molen hat de ûnderskieding krigen foar syn jierrenlange ûndersyk nei Frysk goud en sulver. Fan dit ûndersyk is earder al in trijedielich standertwurk útbrocht.
De Ottema-Kingma Stichting wol mei de eigen penning yn de takomst faker persoanen en ynstellings beleanje dy't in útsûnderlike prestaasje levere hawwe op kultuerhistoarsyk mêd.