Santich jier Sionsberg-ûnderfining yn ien gesin

Piet en Afke Veldman wurkje tegearre al 70 jier yn De Sionsberg. Afke al 30 jier as resepsjoniste en Piet al 40 jier as gipser. Dêr komt troch it fallisemint no in ein oan. Sy is 61, hy 57 dus as it aanst definityf foarby is, dan wurdt it ek dreech om in oare baan te finen.
Se sitte yn grutte ûnwissens en hawwe it eins nergens oars oer. De measte fan har freonen wurkje ek yn De Sionsberg en sitte yn deselde situaasje.