Heather Richardson wint 500 meter, Thijsje Oenema wurdt 6e

Heather Richardson, de freondinne fan Jorrit Bergsma, hat snein op Thialf de twadde omloop fan de 500 meter op har namme skreaun. By de earst omloop op freed wie se 5e, mar no pakte se de winst yn in tiid fan 37.72. De Fryske dielnimmers einigen bûten it poadium. Thijsje Oenema wie de bêste op in sechsde plakje mei 38.19, Margot Boer waard sânde en Anice Das moast it dwaan mei in 18e plak.
Yn it wrâldbekerklassemint giet de Koreaanse Sang-Hwa Lee noch oan de lieding, Heather Richardson stiet no 5e, Margot Boer is 4e.