Vos oan de start by Sintrumkross Surhústerfean

14 des 2014 - 16:14

Hurdfytser Marianne Vos sil op 'e nij yn aksje komme by de Sintrumkross yn Surhústerfean. Dat makke de Stichting Wielercomité Surhuisterveen snein bekend. Wrâldkampioene Vos die al faker mei en wûn seis kear it rûntsje troch Surhústerfean.

Op de dielnimmerslist fan de 20e edysje fan de kross stean mear grutte nammen, want earder al sei Nederlânsk kampioen Lars van der Haar ta dat er oan de start stean sil. De Sintrumkross wurdt op 2 jannewaris ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)