Nûmer lêst FVC pakt romme winst op koprinner Snits Wyt Swart

14 des 2014 - 15:58

De Fryske twastriid yn de sneinshaadklasse tusken Snits Wyt Swart en FVC is snein in ferrassend proai wurden foar de ploech út Ljouwert. FVC fersloech de Snitser koprinner mei mar leafst 4-0. Yn de 28e minút soarge Robin Hollander foar de Ljouwerter foarsprong.

Nei rêst wie it op 'e nij rekke foar FVC en wreide Hollander de foarsprong út nei 2-0. Johannes Meyer makke yn de 68e minút de tredde Ljouwerter treffer, wêrnei't it ferset by de Snitsers definityf brutsen wie. Hollander soarge mei de 4-0 foar de einstân en in persoanlike hattrick.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)