Elma de Vries twadde by maraton yn Rotterdam

14 des 2014 - 15:50

Maratonrydster Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, is snein twadde wurden by de 10e maraton cup yn Rotterdam. De winst gong nei Mariska Huisman, dy't sneontejûn yn Breda ek al suksesfol wie en doe twadde waard. De winst yn Breda wie foar Irene Schouten. Yn Rotterdam wie it tredde plak foar Sharon Hendriks.

By de manlju gong de winst nei Mats Stoltenborg. Jouke Hoogeveen einige as twadde, folge troch Bob de Vries. De Haulster bliuwt lieder yn it klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)