Aris jout oerwinning yn lêste kwart fuort

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris slaggen der sneon net yn om te winnen fan Zwolle. Yn sporthal It Kealledykje gongen de Ljouwerters mei 87-79 ûnderút. Beide ploegen holden inoar lang yn lykwicht. Nei it earste kwart stie der in 23-23 tuskenstân op it boerd. Yn it twadde kwart pakte Aris sels in lytse foarsprong (38-36), dy't yn it tredde kwart útwreide waard nei 68-62.
Yn it lêste kwart gong it hielendal mis foar de ploech fan trainer Tom Simpson. De Ljouwerters joegen de winst folslein fuort en stienen oan de ein op 'e nij mei lege hannen.