Unrêstige stappersnacht yn Ljouwert

Oanhâlding © ANP
De plysje hat ôfrûne nacht yn Ljouwert meardere kearen yngripe moatten by fjochtpartijen. By in kroech oan it Ruterskertier krige in 19-jierrige frou rúzje mei har 22-jierrige eks. Se sloech him mei in glês yn it gesicht. De man moast mei de ambulânse nei it sikehûs. Yn in oare kroech op it Ruterskertier waard in 35-jierrige man mei in glês stutsen yn it gesicht.
In 23-jierrige Ljouwerter wie ek belutsen by in rúzje. Doe't er oppakt waard, gie er folslein troch it lint, ek yn syn sel. Doe't er wer kalm wie, koe er mei in boete nei hûs.
In man fan 24 jier út de Westereen waard oppakt omdat er him ferfelend gedroech. Hy woe in freon helpe dy't mooglik ien mishannele hie. Ek in 22-jierrige Ljouwerter moast mei nei it buro omdat er de plysje tsjinwurke.