Man stekt yn Harns in auto yn de brân

14 des 2014 - 11:11

De plysje hat sneintemoarn om ûngefear sân oere in man fan 53 jier oanholden op in bedriuweterrein oan de Edisonstrjitte yn Harns. Hy soe dêr in auto yn 'e brân stutsen ha. Yn in garaazje op it terrein seach de plysje de man mei kannen mei benzine. Hy sei tsjin de plysje dat er de auto yn de brân stutsen hie. De ynwenner fan de gemeente Littenseradiel sit fêst. Wêrom't er de auto yn 'e brân stutsen hat is noch ûndudlik. De auto rekke folslein fernield.

Trefwurden: 
Harns brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)