COA: "Der komt gjin AZC yn Riis"

13 des 2014 - 15:53

No't de gemeenteried fan De Fryske Marren gjin grien ljocht jout foar in AZC yn Riis, wurdt der útsjoen nei oare plakken yn de gemeente. It giet dan om opfanglokaasjes op De Lemmer, De Jouwer en Balk.

It COA fertelde oan it begjin fan de sneontemiddei oan Omrop Fryslân dat Riis net langer yn byld is as opfanglokaasje. Se wolle gjin asylsikers festigje as dêr gjin draachflak is by it lokale bestjoer. Se oriëntearje har no op oare lokaasjes yn De Fryske Marren. Letter op de middei luts de wurdfierder syn wurden werom.

Oer de oerienkomst mei Tom Genee fan Mooi Gaasterland woe it COA gjin ynhâldlike útspraken dwaan. "Er is wel een overeenkomst tussen het COA en Genee, maar ik wil geen uitspraken doen of die overeenkomst mondeling of schriftelijk is." It COA wol ek neat sizze oer hoe't de saak mei Genee ôfhannele wurdt. Genee hat al witte litten dat er juridyske stappen tsjin de gemeente oerwaget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)