'Pjutten en beukers' yn museum Martena yn Frjentsjer

13 des 2014 - 14:56

Museum Martena yn Frjentsjer iepenet nije wike sneon de tentoanstelling 'Pjutten en Beukers' oer Fryske berneportretten. De portretten binne makke yn de perioade fan 1550 oant 1800. Fryslân hie yn dy tiid in sterke tradysje fan berneportretten.

It museum hat wurken selektearre út de kolleksjes fan musea en partikulieren. Guon portretten binne noch nea earder tentoansteld. De libbensferhalen fan de measte portrettearre persoanen koe achterhelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)