Wüst njonken poadium op 1000 meter, Leenstra achtste

Ireen Wüst einige sneon teloarstellend njonken it poadium op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Wüst kaam mei har tiid fan 1.15.75 net fierder as it fjirde plak. De winst gong nei de Amerikaanse Heather Richardson. De freondinne fan Jorrit Bergsma ried in winnende tiid fan 1.14.63. Dat wie deselde tiid as it baanrekôr dat Wüst yn maart al ris ried.
It sulver wie foar Richardson's lângenoate Brittany Bowe, dy't 1.14.68 klokte. It brûns gong nei Qishi Li út Sina. Mei 1.15.71 stjitte de Sinese rydster Wüst fan it poadium.
Teloarstelling wie der ek by Marrit Leenstra dy't mei har tiid fan 1.16.38 op it achtste plak einige.
By de manlju gong de winst nei de Rus Pavel Kulizhnikov. Hy klokte in winnende tiid fan 1.08.77. It sulver wie foar Kjeld Nuis, dy't de tiid stilsette op 1.09.04. Dêrmei wist er Hein Otterspeer (1.09.06) krekt foar te bliuwen.