Man út Emmeloord fertocht fan ynbraak Wolvegea

Plysje © ANP
In 33-jierrige man út Emmeloord is yn de nacht fan freed op snein oanhâlden foar stellerij. De plysjes seagen ljocht brânen by in bedriuw oan de Om Den Noord yn Wolvegea. Doe't se tichteby kamen, ried der krekt in auto fuort. De plysjes setten de auto oan de kant en doe naaide de passazjier hurd út. Yn de auto fûn de plysje in oantal akku's en in partij âld izer, dy't wierskynlik stellen wie.
De bestjoerder waard oanhâlden en nei de twadde fertochte is noch socht mei in plysjehûn, mar de man is net fûn.