Learlingen moatte mear leare oer belang van seediken

Learlingen op middelbere skoallen moatte by ierdrykskunde les krije oer it belang fan seediken. Dat sizze auteurs Eric-Jan Pleijster en Cees van der Veeken tsjin de NOS op basis fan har nije boek 'Dijken van Nederland'. De twa manlju makken in dykatlas oer it ferskaat oan seediken yn Nederlân. Se rieden in rûte fan hast 10.000 kilometer seedyk yn Nederlân om alle diken yn kaart te bringen.
Neffens de manlju binne in soad minsken harren net bewust dat se sa ticht oan see wenje. Nederlanners hawwe tefolle fertrouwen yn de seediken.