Koudum tsjin foarnommen sluting plysjeburo

Doarpsbelang Koudum is tsjin de foarnommen sluting fan it plysjeburo yn it plak. It bestjoer neamt dizze sitewaasje net winsklik, net allinnich foar Koudum, mar ek foar de doarpen yn de omkriten. Troch de sluting komme de leefberens en feiligens yn gefaar. De oanrydtiden wurde langer as de noarm fan 12 minuten.
Dêrneist soe it nije read-wyt-blauwe gebou, dêr't de brânwacht, ambulânse en plysje ynsitte, yn gefaar komme.