Nederlânske manlju twadde by ploege-efterfolging

De Nederlânske ploech © awfoto.nl
De Nederlânske manlju binne freed by de ploege-efterfolging by it wrâldbekerreedriden yn Thialf twadde wurden achter Súd-Koreä. Yn de ploech sitte twa Friezen, Arjan Stroetinga fan Waskemar en Douwe de Vries fan It Hearrenfean. De tredde man wie Frank Vreugdenhil. De Nederlanners rieden in tiid fan 3.44.97. De Súd-Koreanen kamen út op 3.44.57. Noarwegen waard tredde mei 3.45.52.