Deade seehûn fûn op it strân fan De Lemmer

© Facebook De Fryske Marren
In bysûndere fynst freedtemoarn op it strân fan De Lemmer. Dêr spielde in deade seehûn oan. Passanten warskôgen de gemeente, dy't it deade bist ophelle hat. Der wurdt noch ûndersocht of it bist ferstoarn is oan it deadlike firus dat al mear as 60 seehûnen yn de Waadsee it libben koste. Neffens de gemeente De Fryske Marren lizze der geregeld seehûnen op de Steile Bank yn de Iselmar.