Thijsje Oenema sechsde, Sang-Hwa Lee wint wer de 500 meter

12 des 2014 - 19:04

De Súd-Koreaanske sprintster Sang-Hwa Lee hat freed by it wrâldbekerreedriden yn Thialf de 500 meter wûn. Yn de lêste rit bleau de Olympysk kampioene de Japanske Nao Kodaira krekt foar mei 37.69 sekonden tsjin 37.70 sekonden. De Dútske Judith Hesse pakte brûns mei 37.88. Thijsje Oenema waard sechsde mei in tiid fan 38.14 sekonden. Margot Boer waard sânde yn 38.20.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)