Omrop TIP: 7Stêden yn Wroclaw (Poalen)

15 des 2014 - 07:00

Ljouwert is yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Mar ús haadstêd is net de iennichste. Oant dy tiid binne noch 7 Europeeske stêden in ien jier lang Kulturele Haadstêd. Under de titel ‘7steden’ komme de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân mei in reportaazjesearje oer dy oare 7 stêden.

In programmamakker fan Omrop Fryslân en in LC-sjoernalist reizgje mei in jonge professional út Fryslân nei ien fan de stêden. Op syk nei de mienskip, de pleatslike tema’s en de ferbining.

Sawol Omrop Fryslân as de LC trapet hjoed ôf mei Wroclaw, in stêd yn it súdwesten fan Poalen mei ûngefear 630.000 ynwenners. Wroclaw is yn 2016 Kulturele Haadstêd. Kollega Bart Kingma gie mei LC-sjoernaliste Kirsten van Santen en skoaljuf Judith Switters op syk nei de tema's fan dizze stêd.

7Stêden is de kommende wurkdagen te sjen op Omrop Fryslân Televyzje en te lêzen yn de Ljouwerter Krante. Sjoch hjir no al nei de earste ôflevering. By de searje heart ek de spesjale webside www.7steden.nl mei alle programma's, foto's en achtergrûnferhalen fan de makkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)