Crone wol noch stranger optrede tsjin betiid fjoerwurk

12 des 2014 - 16:30

De gemeente Ljouwert treedt op âldjiersdei noch stranger as oare jierren op tsjin minsken dy't foar seis oere jûns fjoerwurk ôfstekke. De boetes sille net om 'e nocht wêze, sa seit boargemaster Ferd Crone. Hy kin foarearst noch gjin ferbod oplizze. Al sil hy sjen wêr't yn de gemeente oerlêst is. Op dy plakken komt dan takom jier mooglik in ferbod.

Om oerlêst foar te kommen is lanlik fêstlein dat der fan seis oere jûns ôf fjoerwurk ôfstutsen wurde mei.

Trefwurden: 
fjoerwurk oerlêst boete Crone
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)