Smellingerlân krijt oardel miljoen foar húshâldlike help

12 des 2014 - 16:26

De gemeente Smellingerlân krijt oer 2015 en 2016 oardel miljoen euro fan it Ryk foar in talage op de húshâldlike help. Dizze talage is beskikber foar minsken dy't harren húshâldlike help oant trije oeren yn de wike net langer fia de WMO fergoede krije. Dy help moat dan wol yn leantsjinst komme. Smellingerlân lûkt sels ek de beurs en lûkt 100.000 euro foar de regeling út.

It jild komt út in pot fan it Ryk om de oergong nei de nije regelingen yn de soarch better rinne te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)