Anouk stiet op Glemmer Beach 2015

Sjongeres Anouk © ANP
Anouk is ien fan de acts op it Glemmer Beach Festival op De Lemmer takom jier. De sechsde edysje fan it festival sil plakfine yn augustus. Ferline jier kamen ûnder oare BLØF en Waylon al nei De Lemmer foar in optreden.
It optreden fan Anouk is foarearst har iennichste optreden yn it noarden fan Nederlân. De oare artysten wurde de kommende moannen bekend makke. De kaartferkeap foar Glemmer 2015 set freed útein.