Wenningboukorporaasjes sjogge byinoar om tûker te wurkjen

Wenningboukorporaasjes yn Fryslân besykje fan inoar te learen om tsjin de leechste kosten harren wurk te dwaan. Dat kin no tanksij in benchmerk fan belangeferiening Aedes fan wenningboukorporaasjes.
Direkteur-bestjoerder Rein Swart fan wenningboukorporaasje Accolade hat syn korporaasje fergelike mei oare korporaasjes yn Fryslân. Ek binne der ôfspraken makke mei wenningboukorporaasje Elkien omdat sy in tal saken tûker oanpakke.