Measte Friezen foar ferbod op ôfstekken fjoerwurk

© ANP
Goed twatredde fan de Friezen fynt it in goed idee as der in ferbod komt op it ôfstekken fan fjoerwurk. Yn plak dêrfan soe der in gemeentlike fjoerwurksjo komme kinne. Dat docht bliken út ûndersyk fan EenVandaag. Tocht wurdt dat by in grutte sjo minder slachtoffers falle. Ek is de ferwachting dat de oerlêst minder wurdt.
Goed twatredde wol ek in ôfstekferbod by fersoargings- en ferpleechtehuzen. De measte minsken fine de tradysje fan it ôfstekken fan fjoerwurk net belangryk. Allinnich foar jongeren heart it by âld en nij.
Sa'n tûzen minsken ha meidien oan dit ûndersyk.